Sûnensûndersyk no ek digitaal

Dielnimmers oan it grutte sûnensûndersyk fan de GGD Fryslân, kinne foar it earst ek in fragelist op de kompjûter ynfolje. Foar it ûndersyk wurde 11.000 ynwenners útnoege om mei te dwaan.
De GGD freget dan nei de sûnens en gewoanten sa as smoken, alkoholgebrûk. Soarchynstellingen, gemeenten en de GGD sels kinne oan de hân fan de resultaten har belied bepale. Dielnimmers dy't dat wolle, kinne nei de enkête fuortendalik ek tips krije.