FVC nei sneinshaadklasse

22 apr 2010 - 21:11

Fuotbalklup FVC fan Ljouwert spilet takom seizoen yn de sneinshaadklasse. FVC wûn tongersdeitejûn yn Nieuw Weerdinge mei 5-0 fan Titan. Dizze wedstriid waard earder staakt, nei in ûngemak mei twa spilers fan FVC. Doe stie it al 2-0 foar FVC.

De nije doelpunten foelen nei de rêst. Trainer Bert Hollander reagearret optein op de promoasje. It is 13 jier lyn dat FVC yn de haadklasse spile. It team fan FVC hopet de oerwinning snein wiidweidich te fieren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)