'Freule moat live bliuwe'
De keatsferiening fan Wommels komt yn aksje om de live-útstjoering fan de Freulepartij op ynternet te behâlden. It keatsbûn KNKB hat finansjele problemen en hat allle útstjoerings fia ynternet skrast.
Ferline jier wiene der trije fan dy live-útstjoerings en dy koene rekkenje op inkele tûzenen sjoggers. De keatsferiening besjocht no oft de klup sels wat dwaan kin om de útstjoering fan de Freule troch te setten.
Trefwurden:
argyf