Folkstúntsjes fersmoarge

Der is fersmoarging oantroffen yn de grûn ûnder de folkstúntsjes op It Hearrenfean. Op ferskate plakken yn it fjouwer bunder grutte terrein oan 'Het Meer' binne mjittings dien yn opdracht fan de gemeente en dêrby waard ûnder oare lead oantroffen.
Direkt gefaar foar de folkssûnens is der neffens de ûndersikers net, mar dochs wol de gemeente noch in ferfolchûndersyk dwaan. Dêryn sille ek de gewaaksen fan de túnkers besjoen wurde.