Droechte skealik foar fûgels

It giet op it stuit striemin mei de greidefûgels. Dat komt omdat it fierstente droech is. Dêrtroch kinne de fûgels gjin fretten fine en komme se net oan it lizzen fan aaien ta.
Neisoargers hawwe it sels oer in 'ferûntrêstende stilte' yn it fjild.Yn 2007 en 2008 wie de maitiid ek hiel droech en waarden der mar in bytsje aaien en pykjes teld. It bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten hopet dat neisoargers har wurk yn alle gefallen langer trochsette wolle.