Gjin Domino Day yn Ljouwert

22 apr 2010 - 16:36

Ljouwert moat it dit jier sûnder Domino Day dwaan. De produsint krijt de finansiering net klear. It grutte ynternasjonale tillevyzje-evenimint wurdt alle jierren yn it WTC-Expo opnaam. Hotels en hoareka profitearje fan 'e útstjoering en de opbou dêrfoar. Dy ynkomsten moatte de ûndernimmers no misse.

De produsinten, wêrûnder Endemol, brûke dit jier om de formule fierder oan te skerpjen. De bedoeling is om takom jier werom te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)