Foararrest moardsaak ferlingd

22 apr 2010 - 14:08

De fertochte yn 'e moardsaak fan Pytsje Bouma fan Frjentsjer moat noch tritich dagen langer yn foararrest bliuwe. Dat hat de rjochtbank tongersdei bekend makke. De 69-jierrige frou Bouma waard op 13 maart dea fûn yn har flat yn Frjentsjer. Se wie mei messtekken om it libben brocht.

De fertochte is de skoandochter fan it slachtoffer. Der stiet noch altyd in beleanning fan 15.000 euro foar de gouden tip yn 'e saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)