Te folle ûnrêst bernelokker

Foto: webside De Schalmei
Basisskoalle De Schalmei yn Haulerwyk hat te gau âlden in brief stjoerd oer in mooglike bernelokker dy't yn 'e omkriten aktyf wêze soe. Neffens de plysje giet it om geruchten dy't earst ûndersocht wurde moatte. De wykagint fynt dat de skoalle troch it stjoeren fan 'e brief ûnrêst feroarsaket.
By de plysje is ien konkrekte melding kaam oer in mooglike bernelokker. In jonkje fan alve jier soe oansprutsen wêze troch in man yn in grize auto. De saak wurdt ûndersocht.