Oerfal bliuwt riedsel

De plysje hat noch gjin idee wa't achter de oerfal op in echtpear yn Boelensloane sit. It buertûndersyk hat oant no ta noch neat konkreets opsmiten.
It echtpear oan it Wyldfjild waard freedtejûn troch twa maskere manlju oerfallen. Se bedrigen de bewenners mei in fjoerwapen en in stroomstjitwapen. Se naaiden mei jild út. Om hoefolle jild it giet, is net bekend makke. De oerfallers waarden wei rjochting De Skieding.