Swartrider oppakt op stasjon

22 apr 2010 - 10:28

Op it stasjon yn Ljouwert is woansdei in 21-jierrige man út Bakhuzen oanhâlden, omdat er in falske namme opjûn hie. Plysjes krigen de melding dat de man sûnder kaartsje yn 'e trein siet en dat de kondukteur it idee hie dat er liigde oer syn namme.

Doe't de plysjes de rêchsek fan 'e fertochte kontrolearje woene, naaide de man út. Nei in koarte achterfolging koe er oanhâlden wurde. Hy is meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)