Webside tsjin fúzje provinsjes

De Fryske CDA-Twadde-Keamerleden Atsma en De Rouwe komme yn aksje tsjin de plannen om Fryslân gear te foegjen mei oare provinsjes. Se hawwe in webside lansearre dêr't minsken in petysje ûndertekenje kinne.
Op 'e site stean alve tsjinarguminten. Sa soe it Frysk as offisjele taal ferdwine, giet de lytsskalige ekonomy deroan en wurdt de ynfloed fan regionale politisy folle lytser. Atsma neamt de gearfoeging in bespotlik idee.