Aldste skoalle Ljouwert ticht

21 apr 2010 - 23:05

De âldste skoalle fan Ljouwert, de Michaëlskoalle, giet ticht. De heechste klasse nimt ôfskied fan de frije skoalle mei in eksposysje. Yn dy eksposysje sjogge se werom op it begjin fan de skoalle en sjogge se foarút nei de takomst.

De Michaëlskoalle ferhuzet nei de simmerfekânsje fan de Nieuwe Schrans nei in nij gebou. Mei twa byldzjend keunstners meitsje de learlingen fan de heechste klasse skilderijen dy't it ferline en de takomst útbyldzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)