Friezen fêst op lofthavens

21 apr 2010 - 20:48

It fleanferkear yn Europa komt hieltyd mear op gong, mar dochs sitte noch altyd in soad Friezen fêst op ynternasjonale lofthavens. Ferline wike bruts op Yslân in fulkaan út. De jiskewolk dy't út de fulkaan ûntsnapte lei it folsleine fleanferkear yn Europa stil.

Sûnt moandei meie wer fleantugen Europa yn en út, mar de gaos op de ynternasjonale lofthavens bliuwt. In soad Friezen wachtsje no al dagen op in flecht werom nei Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)