'Gjin spannings yn doarpen'

Yn Damwâld, De Westereen, Burgum en Koatstertille kinne se har net fine yn it byld fan de plysje oer spanningen. Dy soene dit wykein in rol spile ha by de fjochtpartij yn Club Q. Doarpsbelang Damwâld wit fan neat en ek jongerewurker Wiebe Kootstra fan Dantumadiel wit net fan spannings.
Woansdeitejûn sil de jongerewurker ekstra op de dyk wêze om de jongeren op te fangen en mei har te praten.