CU: tink om leefberheid

Der moat mear omtinken komme foar de leefberens yn krimpgebieten. Dat fine de steatefraksjes fan ChristenUnie yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Se ha in moasje yntsjinne om it programma fan de partij foar de ferkiezings te feroarjen.
Yn de moasje wize de noardlike fraksjes derop dat it weromrinnen fan de befolking yn it Noarden in grut probleem is. It hat grutte gefolgen foar wenningbou en de foarsjennings op it plattelân.