Fertochten famke langer fêst

Twa froulju dy't fertocht wurde fan belutsenheid by de dea fan in famke (2) út Drachten, bliuwe noch 90 dagen fêstsitten. Dat hat de rjochtbank yn Den Bosch bepaald. It giet om de mem (21) út Drachten en har freondinne (20) út Valkenswaard.
De froulju brochten it slim ferwûne berntsje in pear wike lyn nei it sikehûs yn Eindhoven, dêr't it famke letter ferstoar. Ut seksje die bliken dat it se troch geweld om it libben brocht is.