50 Tips oer fjochterij Club Q

21 apr 2010 - 10:46

Der binne 50 tips binnenkaam oer de fjochtpartij yn Club Q yn Noardburgum. Redmar_Smedema (16) fan Burgum krige dêrby klappen en ferstoar deis dernei yn it sikehûs. By in oare fjochtpartij yn deselde nacht rekke Gerard_Dijkstra (20) fan Damwâld slim ferwûne. Syn tastân is noch hieltyd krityk. It is ûndúdlik oft er by in fjochtpartij belusten wie of oars ferwûne rekke.

De tips kamen binnen nei it programma Opsporing_Verzocht. In tal tips binne neffens de plysje hiel nijsgjirrich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)