Botsing mei blombak

In man (65) út Tsjalbert is tiisdei mei syn auto tsjin in betonnen blombak riden. It ûngelok wie op de Schoterlandsewei by Aldhoarne. De man rekke beknypt yn de auto. De brânwacht helle him derút. Hy moast nei it sikehûs.
In fytser (39) út Ljouwert is tiisdei ferwûne rekke by in oanriding op de Spanjaardsleane yn de stêd. Hy stuts samar oer en waard rekke troch in automobilist (36) út Stiens. De fytser moast nei it sikehûs.