Stroomsteuring troch kabel

21 apr 2010 - 07:02

In diel fan Ljouwert en de doarpen oan de súdkant fan de stêd binne yn de nacht fan tiisdei op woansdei troffen troch in stroomsteuring. Krekt nei healwei twa-en gie in stroomkabel troch noch ûnbekende oorsaak stikken. Dertroch foelen 16 trafo-stasjons út.

In monteur hat de hiele nacht dwaande west om de steuring te ferhelpen. De measte húshâldens hiene yn de rin fan de nacht wer stroom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)