Eksport poaters falt ôf

De eksport fan poaters nei Súd-Europa troch hannelshûs HZPC op De Jouwer falt dit jier bot ôf.
Bedriuwen yn Spanje en oare súdlike lannen keapje mei troch de ekonomyske krisis en it minne waar minder jirpels út Fryslân. Mar omdat de merk yn Afrika en Azië oanlûkt, hat HZPC dochs in akseptabel jier. Oft de omset krekt sa goed wurdt as ferline jier moat noch bliken dwaan. Dat hinget ôf fan de ferkeap fan poaters oan lannen as Oezbekistan en Kazachstan.