Hantum hat gjin lêst fan krimp

20 apr 2010 - 20:53

Neffens agrarysk ûndersyksinstitút it LEI fan de Wageningen Universiteit stabilisearret de Fryske befolking him. De slimste krimp is yn Limburch, wylst Grinslân en Seelân op it gemiddelde sitte.

Hantum is in foarbyld fan in doarp dat der yn slagget de krimp tsjin te gean, ek al leit it doarp yn in hoeke dêr't minsken fuortlûke. It doarp is populêr by de jongerein en ek de âlderen bliuwe sa lang mooglik yn it doarp te wenjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)