Koart pleit tsjin Earedivyzje

20 apr 2010 - 16:05

De regionale omroppen spanne in koart pleit oan tsjin Eredivisie CV. De omroppen wolle yn har programma's bylden toane fan fuotbalwedstriden dy't belangryk binne foar de regio. Eredivisie Live ferbiedt dat. De omroppen meie de bylden net earder as op tongersdei sjen litte.

De omroppen beroppe har op de flitse-regeling út de Mediawet, dy't it mooglik makket dat omroppen ûnderling bylden útwikselje. It koart pleit tsjinnet op 29 april yn Utrecht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)