Aldebiltsyl oantrekliker

20 apr 2010 - 13:41

De Aerden Plaats yn Aldebiltsyl moat ien fan de plakjes wurde dêr't toeristen op It Bilt net om hinne kinne. De ynwenners fan Aldebiltsyl wolle safolle mooglik boatsjeminsken dy't de Noardlike âlvestêderûte farre nei it doarp lûke. Dêr kin it toeristysk kultuersintrum by de Julianatsjerke in rol yn spylje.

It sintrum krijt in nij jaske fan ynterieur-arsjitekt Brenda vd Laan. It argeologysk stipepunt en it toeristysk ynformaasjepunt krije in better plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)