Nije struktuer WTC Expo

De Prins Bernhardhoeve
Foar it bestjoer fan it WTC Expo yn Ljouwert en de Prins Bernhardhoeve yn Zuidlaren komt in nije juridyske struktuer. Dat binne de gemeente Ljouwert en it bestjoer fan de stifting Prins Bernhardhoeve oerien kaam. Mei de oerienkomst is ek it ûntslach fan Andries de Jong fan de baan.
De Jong is bestjoerder by de stifting en wurkimmer by it WTC Expo. Hy wie it al langer net iens mei de struktuer fan it bestjoer.