Skelet bultrêch nei Flylân

20 apr 2010 - 11:32

Meiwurkers fan Ecomare op Texel en in preparateur binne dwaande om in bultrêch klear te meitsjen foar transport nei Flylân. It giet om in bist fan 8 meter lang, it spielde yn 2004 oan op Flylân. Ecomare krige doe tastimming om de walfisk op te graven en nei Texel te bringen.

De bultrêch giet no foar in eksposysje oant jannewaris 2011 nei Flylân. It bist wurdt útelkoar helle en giet woansdei yn kratten en mei de boat en in militêre frachtwein nei Flylân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)