Ferkearsljochten stellen

20 apr 2010 - 10:07

Yn Holwert binne twa mobile ferkearsljochten stellen. De ljochten stiene by de krusing fan de Ljouwerterdyk mei de Bjimsterwei. De stellerij waard moandei ûntdutsen, mar de ljochten binne wierskynlik al yn de nacht fan freed op sneon meinaam.

De ljochten weagje elk 120 kilo. De plysje hat noch gjin idee wa't se stellen hat. Der is oanjefte dien fan de stellerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)