Fuotbalfjild Terkaple opromme

Sa'n tweintich ynwenners fan Terkaple en Eagmaryp hawwe moandeitejûn it fuotbalfjild by de doarpen opromme. Sûnt de fiering fan âld en nij wie it dêr in grutte bende. Jongeren stutsen doe hûnderten pallets yn 'e brân en in fet mei brânstof. De groep wegere de restanten lykwols op te romjen ta grutte argewaasje fan de ynwenners.
Op initsjatyf fan Terkappelster Kees Bakker binne de partijen ta inoar kaam en is it fjild nei hast fjouwer moanne dochs opromme.