Damwâldster ek ferwûne

20 apr 2010 - 08:26

Yn deselde nacht dat de 16-jierrige Redmar Smedema út Burgum behelle rekke yn de fjochterij dêr't er in deadlike klap by krige, wie der noch mear houwerij by diskoteek Club Q. Dêrby rekke in 20-jierrige man út Damwâld sa swier ferwûne dat er yn kritike tastân opnaam is yn it sikehûs yn Grins. Plysjes troffen de man bûten oan. Hy wie troch in klap of in fal út de tiid rekke. Neffens de plysje is der gjin ferbân tusken de twa fjochtpartijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)