Van den Bent los yn Dokkum

19 apr 2010 - 22:05

Der komme ynkoarten goed 40 nije wurkplakken yn it noarden fan Fryslân by. Soarchynstelling JP van den Bent sil dêr ynkoarten los mei twa grutte projekten. De stifting, dy't him benammen dwaande hâldt mei de opfang fan ferstanlik hendikepten, wol de tsjerke oan de Oostersingel yn Dokkum feroarje yn in nij appartemintekompleks foar hendikepten.

By de âlde Prinses Beatrixskoalle sil de stifting ek oan it wurk om oanpaste wenromte te bouwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)