Drokte by Dalstra troch jiske

19 apr 2010 - 21:39

De tillefoan stiet sûnt moandeitemiddei readgleon by reisorganisator Dalstra Reizen. De busferfierder krijt in protte fragen fan minsken dy't graach mei de bus weromkomme wolle nei Nederlân. Dalstra tinkt dat de minsken no pas belje om't se hieltyd minder nocht hawwe om te wachtsjen. De ferfierder kin lykwols net elkenien helpe.

Dalstra hat sels ek skea fan de jiskewolk. In fleanreis nei Marokko kin bygelyks net trochgean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)