Psychyske soarch by húsarts

19 apr 2010 - 20:05

Minsken mei psychyske klachten moatte al by de húsdokters holpen wurde kinne, fynt minister Klink. Dêrom trunet er der by de dokters op oan sosjaal psychiatryske ferpleechkundigen yn de praktiken oan te stellen.

De dokters fan Sint_Nyk en De_Jouwer binne de earsten fan Fryslân dy´t mei-inoar in POH-GGZ´er yn tsjinst nimme. Dat is in Praktijk Ondersteuner Huisarts Geestelijke Gezondheidszorg.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)