Plysjepost yn Bûtenpost

19 apr 2010 - 12:15

In nije folweardige plysjepost is moandei iepene yn it gemeentehûs yn Bûtenpost. Dy komt yn it plak fan it âlde plysjeburo dat fanwege besunigings slute moast.

De boargemasters fan Achtkarspelen en Kollumerlân wienen benaud foar ferminderde service fan de plysje. Mar se ha de garânsje krigen dat dy binnen 15 minuten oanwêzich wêze kin yn it gebiet. De plysje is faker berikber, omdat se likelang as it gemeentehûs iepen binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)