Snits ynterviewt ynwenners
De gemeente Snits stjoert ynkoarten enkêteurs de dyk op. Fan ein april ôf sille de enkêteurs begjinne mei strjitynterviews. De gemeente wol sa ynsicht krije hoe't it giet mei de detailhannel yn de stêd en wêr't de klanten weikomme. Dat ûndersyk is fan 2000 ôf al in pear kear hâlden, mar wurdt no beheinder en hânsumer.
Neist de ynterviews op strjitte wurde minsken yn de Súdwesthoeke ek belle. Ein septimber wurde de resultaten bekend makke.
Trefwurden:
argyf