Trochriden nei oanriding
In 18-jierrige bestjoerder út Warkum is snein oanhâlden. De man wie útnaaid nei't er in oanriding feroarsake hie. De Warkumer wie op in parkearplak by It Soal oan it donderjeien mei syn auto. Dêrby rekke er de macht oer it stjoer kwyt en botste tsjin in oare auto.
De man naaide út, mar mei help fan tsjûgen wist de plysje him dochs oan te hâlden.