Undersyk nei reidbrân
De plysje yn Snits docht ûndersyk nei in grutte reidbrân by it akwadukt oan de Súdwesthoekedyk. Troch brânstifting is dêr goed 200 fjouwerkante meter reid ferlern gean.
Troch tsjûgen is in fertocht boatje sjoen yn de omjouwing fan it gebiet. De plysje hat de eigner fan de boat fûn, mar dy hat neat mei de brân te krijen.