Fryslân nominearre foar award

It Lauwersmargebiet is ek nominearre
Fryslân en it Lauwersmargebiet binne nominearre foar de Eden Award 2010. Dat is de priis foar de meast duorsume toeristyske bestimming fan Europa. Nederlân hat in soad projekten ynstjoerd. Dêrfan binne fiif nominearre, wêrfan't twa dus út Fryslân.
Op 22 april wurdt dúdlik hokker projekt út Nederlân wûn hat. Ut Fryslân wei sil deputearre Jannewietske de Vries derby wêze.