De Haan wint Fryske Wâlden

Sierk-Jan de Haan
Sierk-Jan_de_Haan fan Dokkum hat snein de sechsde Fryske_Wâlden klassiker wûn. Yn de finale ried er út de kopgroep fan seis man en kaam solo oer de einstreek yn de Tjalling Haismastrjitte. Sipke Zijlstra waard yn syn eigen doarp twadde. Hy wûn de sprint foar Harm Bronkhorst en nasjonaal kampioen Rudy Vriend.
Juster hellen de Fryske hurdfytsers ek al in dûbelslach. Doe wûn René Hooghiemster de Ronde fan Súdeast-Fryslân en waard Jan Bos twadde.