Snits Wyt Swart spilet lyk

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart spile yn en tsjin Babberich mei 1-1 lyk. De Snitsers hiene allinnich yn it earste kertier fan de wedstriid it dreech. De rest fan de wedstriid wiene se baas. René Geertsma sette yn de tsiende minút fan de twadde helte de 1-0 op it skoareboerd. Flak foar de ein makke de ploech út Babberich de lykmakker.
De oare haadklasser De Jouwer ferlear op eigen fjild mei 4-0 fan HSC '21.