SC Hearrenfean-NAC: 0-0

18 apr 2010 - 16:39

Sportklup Hearrenfean hat snein yn eigen hûs in strieminne wedstriid spile. Der waard mei 0-0 lykspile tsjin NAC Breda. Foar SC Hearrenfean stie der neat meer op it spul.

De wedstriid stie yn it ramt fan it ôfskied fan de spilers Sibon, Losada, Dingsdag, Smárason en trainer Jan Everse. Der wiene twa hichtepunten yn twa kear trije kertier fuotbaljen. Sibon miste in strafskop en Martijn Reuser knalde de bal yn de lêste minút op de latte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)