Skouting fiert ieu mei feest
Scouting Nederlân bestiet meikoarten 100 jier. Dat wurdt ek yn Fryslân fierd. Sneon 24 april binne alle paadfinersgroepen út de regio yn Ljouwert.
By de Aldehou binne tal fan aktiviteiten. Se kinne fan de Aldehou ôf tokkelje en foar de jongere bern is der in springkessen. Goed 1100 skouts hâlde in grutte foksejacht yn de stêd. De dei wurdt ôfsletten mei in kampfjoer.