Man skopt plysje yn Ljouwert
In ynwenner (44) fan Ingwierrum hat sneontenacht yn Ljouwert in plysjeman mishannele. De man stie te pisjen tsjin de doar fan in bedriuw oan de Grinzerstrjitwei.
De man waard frege himsels te identifisearjen en doe skopte er samar ien fan de aginten. Dy hiene help fan oare plysjes nedich om de man ûnder kontrole te krijen. De Ingwierrumer is oerbrocht nei it plysjeburo.
Trefwurden:
argyf