Amsterdammer yn Ljouwert pakt
De plysje hat sneontenacht yn Ljouwert in Amsterdammer (25) oanhâlden foar swiere mishanneling. Hy soe op de Nijstêd in plakgenoat mei in glês slein ha. Dêrnei hat de Amsterdammer mei in stikken glês in Ljouwerter yn syn gesicht stutsen.
It slachtoffer is yn it sikehûs behannele. De útsmiters koene de Amsterdammer oanhâlde en ha him oerdroegen oan de plysje. Hy is foar ûndersyk ynsletten.