Hearrenfean hat nije webside

De gemeente Hearrenfean hat in nije webside, wêrby't boargers ek ôfspraken meitsje kinne fia de side. It giet foarearst om ôfspraken mei de ôfdieling boargersaken, sa as it oanfreegjen fan in paspoart, in rydbewiis of in identiteitskaart. Letter komme der noch mear produkten by.
Fierder hat de nije webside fan de gemeente no in foarlêshelp foar minsken dy't net goed sjen kinne of net lêze kinne.