Primeur foar AVC Seisbierrum

18 apr 2010 - 12:42

Yn de gemeente Frjentsjerteradiel komt it earste ekokeunstgersfjild fan Nederlân. By fuotbalferiening AVC yn Seisbierrum wurdt moandei begûn mei de oanlis fan it fjild.

Foar it keunstgers is recyclemateriaal brûkt. Dat jildt ek foar de konstruksje ûnder it fjild. It ekokeunstgersfjild is ûntwikkele troch in bedriuw út Zeewolde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)