KNRM siket strânwachten

18 apr 2010 - 12:38

De KNRM sil fan 't simmer soargje foar de bewaking op it strân fan Skylge. Der moatte trije posten bemand wurde. Oant no ta wie de gemeente Skylge dêr ferantwurdlik foar, mar dy krige it hast net mear foar elkoar om goeie strânwachten te finen. De gemeente hat dêrom de help ynroppen fan de rêdingsmaatskippij. Dy sil no op syk nei de strânwachten.

Op de webside fan de KNRM is al in advertinsje pleatst. De KNRM fersoarget ek it materieel en oplieding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)