Hunneman opnij nominearre

17 apr 2010 - 19:30

Sjongeres Carolien Hunneman is op 'e fjirde foarronde fan it Lietfestival yn Easterwâlde wer nominearre foar de finale. Dizze kear liet Hunneman op gitaar harsels bystean troch oare muzikanten, wêrûnder Rob du Jardin op fioele en de drummer fan 'e band Pioneers of love.

Oare nominearren wiene Forrester Soundtrack en Edze Neurink. Takom tongersdei is de lêste foarronde, yn de Popakademy yn Ljouwert. De finale is op 22 maaie yn De Harmonie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)