Hooghiemster wint Súd-Fryslân

17 apr 2010 - 18:46

Hurdfytser René Hooghiemster fan Drachten hat de Ronde fan Súdeast-Fryslân wûn. De 23-jierrige renner fan de Midi Center Ruiter Wielerploech wie nei 169,4 kilometer de rapste fan in kopgroep fan fjouwer fytsers. Jan Bos fan Nijhoarne waard twadde foar Dennis Smit fan Zwanenburg.

Sierd Steigenga fan Eksmoarre, ploechmaat fan Hooghiemster, wûn flak achter de kopgroep de sprint fan 'e achterfolgjende groep.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)