Mjittings yn sâltwingebiet

17 apr 2010 - 15:43

De boaiemtrillings yn it sâltwingebiet yn Noardwest-Fryslân kinne fan no ôf offisjeel metten wurde. Ferline jier binne trije seismometers yn it gebiet pleatst. Om't der gjin kabel wie om se oan te sluten, wurkje se no pas. De apparatuer mjit de grûntrillings yn it gebiet. Dy soene mooglik soargje foar fersakkings en skuorren yn huzen, tinkt de oerlisgroep Bodemdaling en Bodemtrillingen.

De earste resultaten fan 'e mjittings wurde binnen in moanne ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)