Skilderingen yn tsjerke Raerd
Yn 'e Laurentiustsjerke yn Raerd binne by restauraasjewurk gewelfskilderingen fûn, mooglik makke yn it boujier fan 'e tsjerke. Dat is it jier 1815. It is de fraach oft de bysûndere fynst hersteld wurde kin. De grutte opknapbeurt dy't de Raerder tsjerke op 't heden ûndergiet, is allinnich bestimd foar it behâld fan it gebou. Boppedat is it lang net wis oft de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod tastimming jout foar de restauraasje fan 'e skilderingen.
Trefwurden:
argyf