Wim Stroetinga brekt hân

17 apr 2010 - 13:45

Hurdfyster Wim Stroetinga fan Aldeberkeap hat tongersdei de hân brutsen by in fal yn 'e GP Denain. Hy wie dwaande mei ploechgenoaten de sprint ta te rieden, mar gong ûnderút.

Troch de fal is de hurdfytser út 'e Milramploech sawat fiif oant seis wike út de rûlaasje. Hy mist troch syn brutsen hân ûnder oare de Fjouwerdaagse fan Duinkerken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)